De tocht fan 2014


Nei ús súksesfolle tsienstêdetocht fan 2013 woene wy fansels yn 2014 graach by alle alve stêden del. Dizze kear wie de tocht wat ienfâldiger organisearre. Sa wie de start moarns yn Heech ynstee fan yn Snits. Dit skeelde ús wer wat tiid sadat wy rapper yn Parregea wêze soene en ek hoegden de boaten net fan Heech nei Snits en werom. Dizze kear hiene wy wol in kampeartinte mei. Wie de tocht foarige kear begjin juny, dizze kear wie it ein septimber. Der wiene no mar twa boaten oan de start en ús boat hie mar twa bemanningsleden. De oare boat wie wol mei har fjouweren.



Op freed 26 septimber om 6:00 oere moarns starten wy yn in noch tsjustere haven fan Hoora yn Heech. It wie earst noch efkes sykjen nei de boaten dy't foar ús klear leine mar der wiene mar in pear sûnder oanhingmotor en doe't der úteinlik ek noch ien mei in dektinte, in trijetal setsjes sylklean (musto) en wat swimfesten by lei ha wy dy mar meinaam. Wy wiene mar mei ús twaën en dat skeelde fansels wol yn gewicht mar ek yn peddelkapasiteit. Wy hongen dus yn it begjin hieltyd wat efter de oare boat oan. Flak foar Wâldsein hellen wy de oaren hast yn mar doe rekken wy fêst en sa koene hja wer wat op ús útrinne. De Sleattemermar oer wie net sa'n toer en troch it sintrum fan Sleat gie ús wol aardich ôf al moasten wy noch in kear werom omdat de boom stykjen bleau. Yn de Luts hiene wy de oare boat hieltyd yn it fisier mar hja hiene twa bomen mei en wy mar ien dus wie it dreech tichterby kommen. Nei de Luts koe der wer sylt wurde al moasten wy wol lawearjend nei Starum ta. Dêr makken wy wat moaie slagen en sa kamen wy krekt foar Starum wer by elkoar. Yn it stikje nei de seedyk ta hiene wy it efkes dreech troch de ûndjiptes en de oare boat koe wer wat meters pakke. Gelokkich koene wy by de seedyk del wer sile en sa gie it moai op nei Koudum. De oare boat hie krekt wat minder betûfte silers oan board want hja moasten in pear klapkes meitsje wylst wy de boat yn ien kear nei Hylpen knipe koene. Yn Hylpen koene hja wer foar ús út peddelje. Troch tiidgebrek waard besletten om it sintrum fan Warkum mar te omsilen want it soe wer dreech genôch wurde om Parregea te heljen. De wyn wie yntusken al wer aardich lizzen gien. Wy mienden dat Parregea oant 20:00 draaie soe mar de brêgewipper by Nijhuzum fertelde ús dat er al om 19:00 ticht gean soe. Gelokkich wie de brêgewipper net te beroerd om ús der noch efkes troch te litten.



Doe't wy ús earste knipepunt helle hiene ha wy efkes mei de beide boaten oan it iten sieden west. Dat soe earst op ús kofferbranderke mar de frou fan de brêgewipper kaam ús al gau temjitte troch ús panne mei snert efkes yn de hûs op te waarmjen en sa koene wy ek noch efkes by harren op it terras sitte. Se wie sels noch sa freonlik om de panne efkes te himmeljen wêrfoar hulde. Doe gie de reis wer fierder rjochting Boalsert. It waard al aardich tsjuster en ús twadde man soe yn Boalsert fan board gean. Syn plak waard ynnaam troch in jonge dame dy't de rest fan de reis mei sile soe. Nei de wiksel fan fokkenist wie de wyn op en it ljocht út. Wy ha de boat noch efkes Boalsert út peddele en ha doe mar besletten om de tinte op te setten, it puntsje yn de wâl te skowen en moarn wer in dei. De oare boat peddelde dapper troch. Nei in koarte mar fijne nacht wiene wy al wer betiid út de fearren. De tinte waard opromme, in boardsje makaroanje waard opwaarme en dêrnei dreaune wy foar de wyn fierder rjochting Harns. Flak foar Skettens skillen wy efkes mei de oare boat om te hearren hoe fier at hja al wiene. It die bliken dat hja krekt foar Wytmarsum leine. Doe't wy by Wytmarsum delkamen leine hja noch hieltyd oan de kant. Se seagen der gjin heil mear yn mei de waarsfoarspellings en draaiden de boat om en giene fia Boalsert en Drylts wer nei Heech. Wy setten troch en kamen úteinlik yn Harns. Gelokkich wiene se dit jier net oan it spuien en sa waard it passearen fan de Tsjerk Hiddesslûs in moai fotomomintsje. Dêr hiene wy foarich jier gjin tiid foar. Moai foar it lapke nei Frjentsjer ta en dêr efkes peddeljend en bomend troch de grêften giene wy rjochting it Bildt. De slúskes wiene foarich jier noch iepen fan 7 oant 22 oere en it wie al aardich let. Mei in soad jeiwurk koene wy noch krekt foar 22:00 troch de slûs fan Wier fare. Omdat it foar de wyn wie en wy dochs net mear troch de slûs fan Alde leie komme koene hat myn fokkenist har deljûn en bin ik trochdobbere oant de Anita Andriesen slûs. Dêr kamen wy om goed 03:00 oere oan en ik tink, ik druk foar de aardigheid dochs de knop efkes yn. It beltsje begûn te rinkeljen en de slûs gie iepen. It die bliken dat de slûzen no 24 oeren deis draaiden mar de boarden joegen noch oars oan. Omdat ik Dokkum graach helje woe bin ik dy nacht troch sylt oant Bartlehiem. Dêr kaam de sinne op as wie it de stjêr fan Betlehem.



Wy ha efkes goed nei de waarsfoarspellings sjoen en it wie wynkrêft 0-1 mei tsjinwyn dus ha wy wer beslute moatten om it ein nei Dokkum oer te slaan. Dizze kear giene wy net rjochtsôf mar rjochtút fia Aldtsjerk nei de tegeltsjesbrêge. It foel net ta om mei it lytse bytsje wyn en streaming tsjin, nei alle gedachten wiene hja no by Dokkumer Nijesilen oan it spuien, foarút te kommen. Doe't wy mei in soad jeiwurk úteinlik de Bonkefeart helle hiene wiene wy dan ek skjin oan 'e ein. It wie al middei en wy moasten noch hielendal nei Heech. Doe ha wy de tomme opstutsen en in lyts boatsje naam ús mei op sleeptou. Hja soene efkes te faren en woene ús wol foar de Swette útsette. Wy hawwe it dankbaar oannaam en ha de boat ôftúgd en de mêst strutsen. Sa koene wy flot troch Ljouwert en by it begjin fan de Swette begûnen wy wer te lawearjen. Gelokkich kaam der al rap wer in boat oan dy't ús meisleepte oant de ôfslach Weidum. Dêrnei kaam der in boat oan mei fjouwer jonge mannen. Us jongedame krige fansels in lift en sy moasten nei Snits ta dus dat troffen wy. Sa ha ús oant de Oppenhústerbrêge meinaam. Wy hawwe de boat dêrnei troch Snits hinne jage en op dat stuit hawwe wy de boateferhierder skille oft er net in motor bringe koe yn Drylts. Dat woe er wol dwaan dat wy moasten no allinnich noch efkes de oerstek meitsje nei Drylts. Doe kaam der in man mei in fiskersboatsje oan, hy hie ús wol peddeljen sjoen en woe ús wol nei Heech bringe. Dat hoegde net want Taco fan Hoora wie al ûnderweis nei Drylts mei in motor mar it wie wol hiel freonlik. Mei it motorke kamen wy yn it tsjuster wer werom yn Heech. Oar jier mar wer besykje.




Stichting Ramon scoort tegen kanker In hardstikkene goed doel Warkumer ierdewurk Recreatieschap Marrekrite Voor iedereen die van de Friese natuur houdt Repko Snits foar al jo sportprizen